De Sint-Hubertustsjerke is in roomsk, oan 'e hillige Hubertus wijd tsjerkegebou yn Genhout yn 'e provinsje Limburch. De tsjerke stiet yn 'e Hurbertusstrjitte, de haadstrjitte fan it it doarpsdiel dat Grut Genhout hjit.

De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis Yn 1933 waard de parochy stifte as ôfskieding fan 'e parochy fan Beek. Ek waard dat jier in pastorij boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt Stephan Dings út Beek, dy't him by syn romantysk-modernistyske ûntwerp ynspirearje liet troch de romaanske Us-Leaffrouwebasilyk fan Maastricht.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1936-1937 boud neffens it ûntwerp fan arsjitekt Alphons Boosten (1893-1951). It is ien fan 'e belangrykste fertsjintwurdigers fan 'e saneamde Limburchske Reveil, in lokale keunststreaming út it Ynterbellum, dy't syn ynspiraasje fral socht yn in selsbewuste, persoanlike en romantyske oanpak fan 'e eigen bertekrite. Keunstners dy't meiwurken oan 'e bou fan 'e tsjerke wiene Henri Jonas, Charles Eyck, Joep Nicolas, Charles Vos, Gisèle Waterschoot van der Gracht, Jacques Verheyen, Jef Scheffers, Yvonne Trypels en Eugène Quanjel.

Beskriuwing thumb|left|Ynterieur. De ienskippige tsjerke mei dwersskip en koer hat in noardeastlike oriïntaasje en is boud fan giele bakstien út Beek. De noardlik fan 'e lingteas steande toer is 42 m heech en hat in opfallende, mei koper dutsen spits.

Oargel It oargel is in koeroargel út 1966 fan Verschuren Orgelbouw út Heythuizen. It hat alve registers op ien manuaal en pedaal.

Keppeling om utens Disposysje oargel.

Kategory:Tsjerkegebou yn Limburch (Nederlân) Kategory:Ryksmonumint yn Limburch (Nederlân) Kategory:Bouwurk út 1937 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Roermond