De Kening Boudewijntoer is in útsjochtoer op de Faalserberch yn de Belgyske gemeente Plombières. De toer stiet net fier fan it trijelannepunt Nederlân-Belgje-Dútslân.
Yn 1970 waard de 33 meter hege Boudewijntoer boud op it Belgyske part fan de Faalserberch deunby it trijelannepunt. Hy waard konstruearre út twa eardere Frânske radarstasjons. Yn 1993 waard dizze toer ôfbrutsen. De dêrnei boude twadde Boudewijntoer is 50 meter heech en foarsjoen fan in in metalen trep bûtenom en in glêzen lift, sadat ek minsken mei in beheining nei boppe kinne. Boppe yn de toer is in platfoarm mei in restaurant. Foar dejingen dy't dit noch net heech genôch fine, is der in trep dy't nei it dak fan it restaurant liedt.
Sjoch ek Faalserberch Trijelannepunt Wilhelminatoer Labyrint Trijelannepunt
Kategory:Bouwurk út 1970 Kategory:Bouwurk út 1994 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1993 Kategory:Toer yn Luik (provinsje)