Carl-Friedrich Freiherr von Langen-Parow (Klein Belitz, 25 july 1887 - Potsdam, 2 augustus 1934) wie in Dútske baron en hynstesporter. thumb|left|200px|It bûten Neuhof (2017) Yn de Earste Wrâldkriich rekke von Langen as kapitein yn it leger slim ferwûne; nei syn refalidaasje begûn er yn 1920 as hynstesporter. Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam mei syn hynder Draufgänger Olympysk kampioen by it dressuer yndividueel en mei it Dútske dressuerteam. Hy die mei syn oare hynder Falkner ek mei by it springen werby't er yndividueel 28ste waard en 7e mei it Dútske springteam.
Carl-Friedrich von Langen wenne yn Parow. Hy ferstoar op 2 augustus 1934 yn 'e âldens fan 47 jier as gefolch fan in fal by in wedstriid yn Döberitz. Hy waard begroeven yn it kastielpark fan it bûten Neuhof by Bibow, dêr't er opgroeide.
Kategory:Dútsk hynstesporter Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútske adel Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fal Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1934