De Europeeske Kampioenskippen reedriden ôfstannen waarden foar it earst hâlden yn 1996 yn Hamar. Dit binne de yndividuele fiif tradisjonele ôfstannen en de massastart (fan 2015 ôf), en de teamûnderdielen ploege-efterfolging (teampursuit, fan 2005 ôf) en teamsprint (fan 2019 ôf). De formule fan alle jierren in ôfstannekampioenskip die fan it begjin ôf tige suksesfol bliken en wurdt ek al fan it begjin ôf as it hichtepunt sjoen foar de spesjalisten. Yn 1998 waard dúdlik dat twa ôfstânskampioenskippen (WK en Olympyske Spullen) in grôtfolle kalinder feroarsaket en dat in WK yn in olympysk jier oerstallich is. Sûnt dy tiid wurdt der yn in olympysk jier gjin WK ôfstannen hâlden.
Sjoch ek Wrâldkampioenskippen reedriden ôfstannen manlju Wrâldkampioenskippen reedriden ôfstannen froulju
Kategory:Wrâldkampioenskippen reedriden ôfstannen Kategory:Ynternasjonaal sportevenemint Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1996