Wonder Woman 1984 is in Amerikaanske histoaryske superheldefilm út 2020 ûnder rezjy fan Patty Jenkins, mei yn 'e haadrollen Gal Gadot, Kristen Wiig, Pedro Pascal en Chris Pine. De titel betsjut persiis wat it seit: de superheldinne Wonder Woman yn it jier 1984. It ferhaal folget Wonder Woman as se yn 'e Kâlde Oarloch in magysk artefakt op it spoar komt, dat in spoar fan ferneatiging troch de minsklike skiednis lutsen hat. Wannear't de oplichter Maxwell Lord it yn 'e hannen kriget, driget er troch koartsichtigens en klearebare egoïsme de Trêde Wrâldoarloch te feroarsaakjen. Underwilens hat Wonder Women swierrichheden by it loslitten fan har eigen ferline.

Wonder Woman 1984 makket diel út fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. As sadanich folget er op Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) en giet er foarôf oan Zack Snyder's Justice League. Yn 'e ferhaalline fan Wonder Woman is it in direkt ferfolch op Wonder Woman út 2017. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en fertsjinne yn 'e bioskopen syn produksjebudget net werom. Foar in diel kaam dat troch de beheinings dy't oplein wiene oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e lockdowns y.f.m. de koroanapandemy, en foar in part lei it deroan dat Wonder Woman 1984 ek tagelyk al útbrocht waard fia de streamingtsjinst HBO Max, dêr't it de populêrste film fan 2020 waard.

Plot As bern nimt Diana (de lettere Wonder Woman) op Themyscira, it ferburgen eilân fan 'e Amazônes, diel oan in wedstryd dy't alle fermogens test dêr't in kriichster oer beskikke moat, lykas hurddraven, dûken, swimmen, hynsteriden, bôgesjitten en spearwerpen. Har tsjinstanners binne folwoeksen Amazônes. Ta ferrassing fan eltsenien útsein harsels brûkt de jonge prinsesse har swakten as foardielen en nimt se hast daliks al de lieding. Se wit de oaren lange tiid foar te bliuwen, oant se troch eigen skuld by it hynsteriden efter in leechhingjende tûke stykjen bliuwt en út it seal reage wurdt. Har oplossing is om in pear hierspjeldbochten by de berch del ôf te snijen en har hynder in stik leger wer op te wachtsjen. Sa nimt se op 'e nij de lieding en liket se by it berikken fan it stadion dochs noch te winnen. Mar har learmasteresse Antiope stekt dêr in stokje foar en diskwalifisearret har omreden fan falskspyljen. Har mem, keninginne Hippolyta, treastget har, mar beskrobbet har ek om't se it wichtichste wedstrydelemint út it each ferlern is: dat in oerwinning inkeld sinfol is as dy op earlike wize ta stân komt.

Yn 1984, op it hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch, wurket Diana yn it Smithsonian Ynstitút yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Underwilens ferrjochtet se temûk heldedieden yn 'e hoedanichheid fan har alter ego, de superheldinne Wonder Woman. In nije wurknimmer yn it museum, de skrutene en knoffelige geologe en kryptosoöloge Barbara Minerva, kin nei ferskate wiken by har nije wurkjouwer noch altyd op gjin inkele wize oansluting fine by har kollega's. Mei't se iensum is en gjin freonen hat, begruttet it Diana om har en begjint se bûten wurktiid om mei Barbara te sosjalisearjen.

Nei't Wonder Woman yn in winkelsintrum de berôving fan in juwelier feridelet, ûntdekt de plysje dat de rôvers it net op sieraden foarsjoen hiene, mar op it stellen antyk dêr't de juwelier yllegaal yn hannele. De Amerikaanske federale resjerzje FBI wurdt derby helle, dy't it Smithsonian Ynstitút freget om 'e yn 'e beslach nommen antike foarwerpen te identifisearjen en it komôf te efterheljen. Barbara kriget opdracht om har dêrmei te rêden. Diana is der nijsgjirrich nei fanwegen har eardere belutsenens by de saak. De measte stikken kinne har oandacht net fêsthâlde, mar in stik dat bestiet út in grutte sitrine (giele kwarts) op in fuotstik lûkt har belangstelling. Neffens de Latynske tekst op it fuotstik soe dizze 'Dreamstien' foar eltsenien dy't him fêsthâldt ien winsk yn ferfolling gean litte.

Diana noch Barbara leauwe dêr wat fan, mar wylst se de stien beethâldt, betinkt Diana wat har iennichste winsk wêze soe: dat har grutte leafde Steve Trevor, dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch sneuvele is, wer ta libben kaam. Nei't Diana Barbara rêdt fan in keardel dy't him jûns yn it park oan har besiket te fertaasten, winsket Barbara de oare moarns, as se op har wurk de Dreamstien wer tsjinkomt, dat se krekt as sterk, seksy en cool as Diana wêze kin. Underwilens praat de mislearre sakeman Maxwell Lord himsels op glêde wize by it Smithsonian Ynstitút nei binnen ta, dêr't er Barbara, dy't alhiel gjin manlike belangstelling wend is, mei gemak ynpalmet. Syn doel is lykwols om 'e Dreamstien te stellen, wat er úteinlings oprêdt.

Wylst Diana in man moetet waans lichem bewenne wurdt troch de wer ta libben brochte geast fan Steve Trevor, en Barbara ûntdekt dat se no oer deselde superkrêften beskikt as Diana, smeit Lord plannen om mei help fan 'e Dreamstien syn sa goed as fallyte oaljemaatskippij te rêden. Syn winsk is om sels de Dreamstien te wurden en sa it fermogen te krijen om winsken yn ferfolling gean te litten en yn ruil dêrfoar te nimmen wat er wol fan dejinge dy't de winsk docht. Sa komt it, en Lord set útein mei in kampanje om 'e iene nei de oare persoan te manipulearjen ta it dwaan fan in winsk. Yn it begjin giet it dêrby om lju dy't him op 'e iene of de oare manear dwers sitten hawwe en op wa't er om dy reden wraak nimme wol. Mar al rillegau docht er it allinnich noch mar om't "mear" neffens him altyd itselde is as "better". Syn dwaan liedt al rillegau ta wrâldwide gaos, ferneatiging en politike ynstabiliteit, benammen as er mei in besyk oan Egypte it wankele machtslykwicht yn it Midden-Easten fersteurt.

Mei help fan Barbara ûntdekt Diana dat de Dreamstien in kreaasje wie fan Dolus, de Grykske god fan 'e leagens. By it dwaan fan in winsk jout it ding de winsker persiis wat dy wol, mar nimt yn ruil dêrfoar wat werom fan gelikense wearde. De iennichste mooglikheden om dat werom te draaien is troch de winsk werom te jaan of de stien sels te ferneatigjen. Diana, dy't Steve net nochris kwytreitsje wol, beslút dat de oplossing wêze moat om 'e Dreamstien te ferneatigjen, mar se ûntdekt al rillegau dat troch de winsk fan Lord de stien net mear ferneatige wurde kin, om't er yn sekere sin ommers al ferneatige is. Teffens ûntdekt se wat de Dreamstien har ûntnommen hat yn ruil foar it werombringen fan Steve: Diana rekket stadich mar wis har superkrêften kwyt. Barbara sjocht ûnderwilens allinnich mar de foardielen fan har winsk. Har hiele libben lang hat se iensum west en opsjoen tsjin oaren dy't populêrder, knapper en handiger wiene en dy't better mei minsken omgean koene as sy. No is sysels ynienen de populêre, knappe, seksy frou dy't nearne har hân foar omdraait en dêr't alle manlju efter oanrinne. Dat se yn ruil dêrfoar har freonlikens en minskleavjendheid ferliest, liket har in lege priis ta.

Lord besiket de presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't er in winsk ûntfytmannet om mear kearnbommen te hawwen dy't tichter by de Sovjet-Uny opsteld steane. Sa komt it, mar hoewol't de presidint it gruttere kearnwapenarsenaal inkeld bedoelt as gruttere beskerming fan it eigen lân, sjogge de Russen de nije wapens, dy't se frijwol daliks ûntdekke, as in die fan klearebare agresje. De wrâld balansearret op 'e râne fan it útbrekken fan 'e Trêde Wrâldoarloch. Under syn besyk oan 'e presidint kriget Lord ek weet fan in nij en topgeheim satellytsysteem, dat de Amerikaanske oerheid it fermogen jout om yn te brekken yn 'e tillefyzje-útstjoerings fan alle lannen op 'e wrâld, om sa yn gefal fan need miljarden minsken tagelyk berikke te kinnen. Lord, dy't foar syn winsk betelle hat mei it opjaan fan syn sûnens, sjocht dêryn in mooglikheid om mei de libbenskrêft fan hûnderten miljoenen winskers wer better te wurden. By in gefjocht yn it Wite Hûs besykje Diana en Steve him tsjin te kearen, mar Barbara, dy't net wer werom nei har âlde sels wol, helpt him om út te naaien. Tegearre bejouwe se harren nei de studio fan it satellytprojekt.

Steve wit Diana einlings te bepraten om har winsk te annulearjen en him gean te litten. Neitiid rist Diana har ta yn it gouden harnas fan 'e legindaryske Amazône Asteria. Dyselde wie dejinge dy't efterbleau yn 'e minsklike wrâld om 'e ôftocht fan 'e Amazônes te dekken doe't sy harren op it mysterieuze eilân Themyscira fêstigen. Sa reizget Diana ôf nei de satellytstudio, dêr't se opwachte wurdt troch Barbara. Yn 'e tuskentiid hat Lord troch de winsken fan miljoenen minsken syn sûnens weromwûn en boppedat ekstra superkrêften oan Barbara taparte. Mar de Sovjet-Uny hat syn kearnwapens ôfsketten en dêrop hawwe de Feriene Steaten itselde dien. De wrâld hat noch trije kertier ear't er alhiel ferwoastge wurde sil.

Bûten de studio wurdt Diana opwachte troch Barbara, dy't no it meunster Cheetah wurden is, in ferminging fan frou en jachtloaihoars. Yn in fûleindige fjochtpartij dy't op 'e boaiem fan in mar einiget, wit Diana har úteinlings te ferslaan, mar se deadet har net. Yn 'e studio is Lord ûnderwilens te machtich wurden troch alle winsken dy't er ferfollet, sadat Diana net by him komme kin. Mar se brûkt har Lasso der Wierheid om fia him har boadskip oan alle tillefyzjesjoggers yn 'e wrâld oer te bringen. En dat is dat de minsken sels it lot fan 'e wrâld yn 'e hannen hawwe, om't se de wrâld rêde kinne troch harren winsken werom te nimmen.

Oan Lord sels lit Diana bylden sjen oer syn wiere ferline. Dêrtroch wurde de leagens fuortbaarnd dy't er himsels al jierrenlang ferteld hat. Oars as er altyd seit, is er yn earmoede opgroeit, yn in húshâlding dêr't syn mem mishannele waard troch syn heit en dêr't er sels gjin leafde fan syn âlden krige. Altyd wied er op skoalle en op 'e universiteit in bûtensteander, hoe graach oft er der ek by hearre woe. Syn almar wanhopiger besykjen om it te meitsjen as sakeman wiene earder sielich as heldhaftich. It iennichste wat echt wichtich is yn syn libben, is syn jonge soan Alistair, dy't op dit eigenste momint yn it haadkertier fan Lord syn oaljemaatskippij om him siket, en dêr lykme-allinne omrint wylst de kearnbommen op it punt steane om yn te slaan. As er dat sjocht, komt Lord einlings ta ynkear.

Oer de hiele wrâld begjinne minsken har winsken werom te nimmen. De presidint fan 'e Feriene Steaten is ien fan dyjingen, en as reäksje op syn wurden ferdwine de ôfsketten kearnwapens fan beide kanten ynienen fan 'e radar. Max Lord nimt syn winsk ek werom en hastiget him nei syn haadkertier ta om Alistair te sykjen en de jonge yn syn earms te sluten. Neitiid besiket Diana om har libben wer op te pakken en wer hielendal op 'e nij te learen om sûnder Steve te libjen. As it winter wurdt, treft se op in stuit op 'e strjitte de man waans lichem Steve in pear dagen bewenne hat en se wikselet mei him inkele freonlike wurden út.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, rêdt in swarthierrige frou dy't op 'e rêch sjoen wurdt, it libben fan in mem en har bern troch mei boppenatuerlike krêft in baas peal op te fangen as boppe op harren driget te fallen. As hja har omdraait, blykt it lykwols net Diana te wêzen, mar in âldere frou, dy't harsels foarstelt as Asteria. De grutste fan 'e Amazônes blykt altyd noch te libjen en mank de minsken yn it ferburgene heldedieden te ferrjochtsjen, krekt sa't Diana dat docht.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise   Wonder Woman / Diana Prince Gal Gadot Barbara Minerva / Cheetah Kristen Wiig Maxwell Lord Pedro Pascal Steve Trevor Chris Pine

byrollen personaazje akteur/aktrise emir Saïd bin Abydos Amr Waked keninginne Hippolyta fan 'e Amazônes Connie Nielsen Antiope Robin Wright de jonge Diana Lilly Aspell de man waans lichem Steve bewennet Kristoffer Polaha Carol, baas fan Barbara Natasha Rothwell sjamaan Babajide Ravi Patel Simon Stagg Oliver Cotton Alistair Lord Lucian Perez Raquel, sekretaresse fan Lord Gabriella Wilde Jake Kelvin Yu presidint fan 'e Feriene Steaten Stuart Milligan Venelia Doutzen Kroes Asteria Lynda Carter (cameo)

Produksje en distribúsje Produksje