It jachtloaihoars (wittenskiplike namme: Acinonyx jubatus), ek wol de cheetah neamd (soms ferfryske ta tsjita), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Afrika en fan oarsprong ek yn West-, Súd- en Sintraal-Aazje, dêr't er no frijwol útstoarn is. It jachtloaihoars is in licht boude karnivoar, dy't ferneamd is om't er fan alle lândieren de grutste faasje berikke kin, te witten: 104 km/h. It is in deidier dat sosjaler is as de measte oare kateftigen. Troch habitatferlies, habitatfragmintearring, streuperij, konflikten mei minsken en in grutte fetberens foar sykten is it mei it jachtloaihoars yn 'e tweintichste iuw yn it neigean rekke. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber, it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid.

Etymology It wurd "jachtloaihoars" foar dit bist is ôflaat fan it feit dat it jachtloaihoars mei syn spikkelbûnte pels op it loaihoars (Panthera pardus) liket. De tafoeging "jacht-" giet derop tebek dat jachtloaihoarsen histoarysk wol nuet makke en foar de jacht (op oare bisten) brûkt waarden, benammen troch keningen en hearskers, mar ek troch oare leden fan 'e hegerein. Soks kaam yn 'e Aldheid in protte foar by de Egyptners, de Romeinen, de Arabieren en de Perzen, en yn 'e Midsiuwen en letter ek yn it Keizerryk Sina en by de Mogol-keizers fan Ynje.

De Ingelske namme cheetah (soms ferfryske ta "tsjita", mei in lange ii-klank) is in lienwurd dat oernommen is fan it Oerdû چیتا en Hindy चीता (beiden: ćītā). Dy beide talen hawwe it wurd sels wer fan it Sanskrityske चित्रय (chitra-ya), dat "skakearre", "bûnt" of "fersierd" betsjut.

De wittenskiplike namme fan it jachtloaihoars is Acinonyx jubatus. De skaainamme Acinonyx is in ferraning fan twa Grykske wurden: ἁκινητος (akinitos), dat "ûnbeweechlik" betsjut, en ὄνυξ (onyx), dat "neil" of "hoef" betsjut. Yn syn gehiel betsjut it dus "ûnbeweechlike neil", in ferwizing nei de klauwen fan it jachtloaihoars, dy't, oars as by oare kateftigen, net ynlutsen wurde kinne. De soartspesifike namme jubatus komt út it Latyn en betsjut "mei moannen".

Taksonomy It jachtloaihoars waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1777 troch de Dútske biolooch Johann Christian Daniel von Schreber. Dyselde wurke op basis fan in pels dy't him tastjoerd wie út 'e Steatske Kaapkoloanje. Hy joech it bist ynearsten de wittenskiplike namme Felis jubatus. It taksonomyske skaai Felis, dat no reservearre is foar de wylde katten, waard doedestiden nammentlik noch brûkt foar alle kateftigen. De Ingelske soölooch Joshua Brookes yntrodusearre yn 1828 it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx), sadat it bist de wittenskiplike namme Acinonyx jubatus krige.

Evolúsje en genetika Evolúsje Fan alle libbene kateftigen is it jachtloaihoars it naust besibbe mei de poema (Puma concolor) en de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi). Mei-inoar foarmje dy trije soarten it poema-komôf, ien fan 'e acht kateftige komôflinen. It poemakomôf spjalte him likernôch 6,7 miljoen jier lyn ôf fan 'e rest fan 'e kateftigen. De fossile saneamde Amerikaanske jachtloaihoarsen fan it skaai Miracinonyx hearre ek ta it poemakomôf, mar wiene nettsjinsteande har namme nauwer besibbe oan 'e poema as oan it moderne jachtloaihoars. Hoewol't se oarspronklik by de jachtloaihoarsen (Acinonyx) yndield wiene, krigen se dêrom yn 1979 in eigen ûnderskaai, dat letter opwurdearre waard ta in selsstannich skaai. It tinken is no dat de likenis yn lichemsbou tusken de jachtloaihoarsen en de Amerikaanske jachtloaihoarsen it gefolch is fan in parallelle evolúsje.

Iere fossilen fan bisten dy't werkenber binne as jachtloaihoarsen (d.w.s. leden fan it skaai fan 'e jachtloaihoarsen) binne opdobbe op ferskate plakken yn East-Afrika, de Hoarn fan Afrika en Súdlik Afrika en datearje fan 3,5–3 miljoen jier lyn. It âldste fossyl komt út 'e leechste ôfsettings fan 'e Silberberggrot by Sterkfontein yn Súd-Afrika. Letter kamen sokke bisten ek foar yn West-Afrika, Noard-Afrika, Jeropa en Aazje. Yn it Pleistoseen libben bgl. it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis) en it middelgrut jachtloaihoars (A. intermedius) yn Jeraazje.

It âldste fossyl dat mei wissichheid oan it moderne jachtloaihoars (A. jubatus) taskreaun wurde kin, waard opgroeven op in plak dat bekendstiet as Cooper's D, ek yn Súd-Afrika, en datearret fan 1,5–1,4 miljoen jier lyn. It tinken is dat it moderne jachtloaihoars him om 1,9 miljoen jier lyn yn Afrika ûntwikkele hat. Oer it plak fan oarsprong fan 'e jachtloaihoarsen as groep bestiet gjin wittenskiplike konsensus. Party paleöntologen miene dat de jachtloaihoarsen as groep ek út Afrika komme, mar oaren hâlde út dat se har nei alle gedachten ûntjûn hawwe yn Noard-Amearika, om har dêrwei fia de Beringlânbrêge te fersprieden nei Aazje en letter nei Afrika.

Genetika It jachtloaihoars hat in tige leech genetysk ferskaat, wat betsjut dat de hjoeddeistige populaasje de neiteam wêze moat fan mar in hiel lytse bytsje foarâlden. It genetysk ferskaat fan it jachtloaihoars is leger as dat fan oare bisten mei in notoir leech genetysk ferskaat, lykas de Tasmaanske duvel (Sarcophilus harrisii), de Sibearyske tiger (Panthera tigris altaicus) en sels katte- en hûnerassen dy't in hege mjitte fan yntylt fertoane.

Saakkundigen dy't dêr ûndersyk nei dien hawwe, binne ta de konklúzje kommen dat soks by it jachtloaihoars it gefolch is fan net ien, mar twa saneamde populaasjeflessehalzen, barrens wêrby't hast de hiele populaasje omkommen is. Dy binne datearre op 100.000 jier lyn en 12.000 jier lyn. De earste populaasjeflessehals hie, neffens de teory dat jachtloaihoarsen oarspronklik út Noard-Amearika komme, te krijen mei de migraasje nei Aazje fia de Beringlânbrêge. De twadde foel gear mei en makke mooglik diel út fan de Let-Pleistosene massa-ekstinksje.

It leech genetysk ferskaat hâldt in grut gefaar yn foar it fuortbestean fan it jachtloaihoars, mei't dêrtroch sykten en firussen maklik de hiele wrâldpopulaasje útrûgje kinne. In foarbyld is de útbraak fan it kattekoroanafirus, dy't yn 1983 plakfûn yn in fokkerij foar jachtloaihoarsen yn Oregon. Dy oandwaning bliek, trochdat jachtloaihoarsen yn genetysk opsjoch mar sa'n bytsje faninoar ferskille, foar dizze bisten 60% deadliker te wêzen as foar lykfol hokker oare kateftige.

Fersprieding De histoaryske fersprieding fan it jachtloaihoars wie grut en besloech hast hiel Afrika, útsein de eilannen, it súdlike part fan West-Afrika, it Etiopysk Heechlân yn 'e Hoarn fan Afrika en it Kongoreinwâld yn Sintraal-Afrika. Dêropta kaam dit bist oarspronklik ek foar yn dielen fan Aazje, te witten: it Arabysk Skiereilân, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, de eastlike helte fan Transkaukaazje mei in útrinner oant boppe de Grutte Kaukasus yn wat no de Russyske dielrepublyk Dagestan is, de westlike helte fan Sintraal-Aazje en it grutste part fan it Yndysk subkontinint, útsein de súdpunt, de Koromandelkust en de Himalaya. Yn 'e prehistoarje kaam it jachtloaihoars ek foar yn 'e súdlike helte fan Jeropa.

Hjoed de dei is it ferspriedingsgebiet fan it jachtloaihoars slim fragmintearre. Yn Afrika is it fierhinne beheind ta fjouwer regio's: Súdlik Afrika, East-Afrika en de Hoarn fan Afrika, Sintraal-Afrika benoarden it Kongoreinwâld, en de Sahara (benammen súdlik Algerije). Fierwei de grutste populaasjes libje yn Súdlik Afrika (Namybje, Botswana, Simbabwe, súdlik Angoala, westlik Sambia, noardlik Súd-Afrika en súdwestlik Mozambyk), en yn East-Afrika (Tanzania, Kenia, súdlik Etioopje en súdeastlik Súd-Sûdaan).

Yn Aazje, dêr't it mei it jachtloaihoars al yn 'e njoggentjinde iuw yn it neigean rekke, komt dit bist tsjintwurdich inkeld noch foar yn sintraal Iraan. Oant de midden fan 'e tweintichste iuw libben der ek noch jachtloaihoarsen op it Arabysk Skiereilân en by de kusten fan 'e Kaspyske See en de Aralmar lâns yn Sintraal-Aazje. Yn 'e 1920-er jierren waarden der noch jachtloaihoarsen waarnommen yn 'e omkriten fan Basra, yn súdlik Irak. Yn 'e 1950-er jierren waard de omfang fan 'e populaasje yn Iraan stabilisearre troch natoerbeskermingsmaatregels, mar troch de gaos fan 'e Islamityske Revolúsje fan 1979 en de Iraansk-Iraakske Oarloch fan 1980–1988 rekke it mei proaidieren yn it neigean, sadat ek de populaasje fan it jachtloaihoars wer sterk belune.

Op it Yndysk subkontinint kaam it jachtloaihoars oant likernôch 1750 noch rûnom foar, mar troch weifangen fan eksimplaren út it wyld en oerbejaging waarden dit bist dêr yn 'e njoggentjinde iuw suver útrûge. Trije fan 'e lêste oerlibbenen waarden yn 1947 sketten troch maharadja Ramanuj Pratap Singh Deo fan Surguja. De lêste dokumintearre waarnimming fan in wyld jachtloaihoars yn Yndia wie in eksimplaar dat yn 1957 ferdronken oantroffen waard yn in wettersaad by Hyderabad.

Uterlike skaaimerken Lichemsbou It jachtloaihoars is in licht boud, rank bist, mei in kop-romplingte fan trochinoar 110–150 sm, in sturtlingte fan 60–80 sm en in skofthichte fan 67–94 sm. It gewicht is ôfhinklik fan âldens, sûnens, geografyske lokaasje, geslacht en ûndersoarte, en bedraacht 21–72 kg. It jachtloaihoars ken in beskate mjitte fan seksuele dimorfy, mei't mantsjes grutter en swierder binne as wyfkes, mar dat ferskil is net sa grut as by oare grutte kateftigen.

De kop is lyts yn ferhâlding ta it lichem en ûngewoan rûn foar in kateftige, mei lytse en rûne earen. De snút is koart, mei wide noasters dy't by draven mei hege faasje de tastream fan foldwaande soerstof nei de fergrutte longen bewissigje. De snorhierren binne koart, fyn en ûnopfallend en de hoektosken binne relatyf lyts. De sturt útsûnderlike lang en sterk, en tsjinnet by efterfolgings as tsjinwicht om it lykwicht te hâlden.

It hier is rûch, útsein op 'e bealch, dêr't it sidesêft oanfielt. It jachtloaihoars hat koarte, rûge moannen oer in ôfstân fan teminsten 8 sm fan 'e nekke oant de skouders. Dy falle by mantsjes mear op as by wyfkes. De foarpoaten hawwe fiif teannen en de efterpoaten fjouwer.

De klauwen binne, oars as by oare kateftigen, net ynlûkber. Se binne dêrtroch ek minder skerp as de klauwen fan oare kateftigen (om't se allegeduerigen ôfslite) en kinne better ferlike wurde mei de klauwen fan hûneftigen. De útsûndering op dy regel is de fyfde klau oan 'e foarpoat, dy't by it gean de grûn net rekket en dêrtroch wol skerp bliuwt.

Pels De pels fan it jachtloaihoars hat in grûnkleur dy't op 'e kop, nekke, rêch, siden, poaten en sturt útinoar rint fan krêm oant taan. De dûnkerste dielen binne de rêch en de skouders. Op 'e bealch, de kiel, it kin en de binnenkanten fan 'e poaten is it hier witich útskaaiend nei krêm. Oer dy grûnkleur hinne leit in patroan fan swarte spikkelbûnte plakjes, dy't it lytst binne op 'e kop en de rêch, mar op 'e siden en de poaten grutter en dizeniger wurde. De bealch is fan spikkels frij.

Op 'e sturt foarmje de spikkels ringen, benammen op it lêste trêdepart. De sturt is tige tichtbehierre, mei in wite punt, dy't almeast mei in bôchje nei efteren of nei boppen ta holden wurdt om net oer de grûn te slepen. Yn it gesicht hat it jachtloaihoars twa swarte streken, gauris oantsjut as "triennespoaren", dy't út 'e binnenste eachhoeken wei by de noas lâns en oer de wangen rinne. De rol dêrfan is net alhiel dúdlik; der wurdt wol tocht dat se de eagen beskermje tsjin 'e skittering fan 'e sinne.

Kleurfarianten en it keningsjachtloaihoars Kleurôfwikings komme ek foar by it jachtloaihoars. Melanistyske (hielendal swarte) eksimplaren binne seldsum, mar binne waarnommen yn Sambia en Simbabwe. Yn 1877–1878 beskreau de Ingelske soölooch Philip Sclater twa foar in diel albinistyske (wite) yndividuën út Súd-Afrika.