Henry Robert (Bobby) Pearce (Double Bay, 30 septimber 1905 - Toronto, Kanada, 20 maaie 1976) wie in Australyske roeier.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen yn de skiff, fjouwer jier letter yn Los Angeles wist er syn titel te prolongearjen. Hy stopte krekt foar de Twadde Wrâldkriich mei roeien op heech nivo.

Pearce groeide op yn Austraalje, mar ferhuze letter nei Kanada, hoewol't er pas yn 1972 Kanadeesk steatsboarger waard. Henry Pearce ferstoar op 20 maaie 1976, yn 'e âldens fan 70 jier.

Kategory:Australysk roeier Kategory:Australysk Olympysk kampioen Kategory:Kanadeesk persoan fan Australysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1976