Lewis Clive (Londen, 8 septimber 1910 - Gandesa, 28 july 1938) wie in Ingelsk roeier.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei Hugh Edwards yn de twa sûnder stjoerman.
Clive wie in man mei útsprutsen politike opfettingen, tsjinne as Labour-lid yn de Kensington Borough Council en skreau boeken en pamfletten foar de nije Fabian Society. Hy hie plannen om him kandidaat te stellen foar it parlemint, it wie syn politike oertsjûging dy't him nei Spanje brocht, fjochtsjend foar de Republikeinen yn de Spaanske Boargeroarloch. Lewis Clive sneuvele op 28 july 1938, yn 'e âldens fan 27 jier yn de buert fan Gandesa yn de Spaanske provinsje Tarragona yn de regio Kataloanië.
Kategory:Ingelsk roeier Kategory:Ingelsk Olympysk kampioen Kategory:Ingelsk sosjalist Kategory:Ingelsk gemeenteriedslid Kategory:Ynternasjonaal frijwilliger yn de Spaanske Boargeroarloch Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1938