It aartsbisdom München en Freising (Dútsk: Erzbistum München und Freising; Latyn: Archidioecesis Monacensis et Frisingensis) is in roomsk aartsbisdom yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Beieren.

Skiednis It bisdom Freising waard foar it earst yn 793 neamd en troch Sint-Korbinianus stifte. Mei't in ein oan it Hillige Roomske Ryk kaam, ferdwûn ek yn 1803 it prinsbisdom Freising. Yn 1817 ferhûze de biskopssit fan Freising nei München en waard in part fan it ophefte bisdom Chiemsee tafoege. It bisdom waard doe in aartsbisdom. Sûnt is de Us-Leaffrouwetsjerke de sit fan 'e biskop yn München, wylst de Freisinger dom as ko-katedraal tsjinnet.

Nei oanlieding fan klachten oer seksuëel misbrûk stelde it aarstbisdom in abbekatekantoar oan om dêr in rapport oer te skriuwen. Dat yn 2022 publisearre rapport stelde tusken 1945 en 2019 497 gefallen fan seksuëel misbrûk yn it bisdom fêst. Aartsbiskop Marx bea op 4 juny 2021 syn ûntslach as aartsbiskop oan om't er him mei ferantwurdlik fielde foar de skandalen yn it bisdom, mar de paus wie net fan doel fan ûntslach yn te skewielen en frege him as aartsbiskop oan te bliuwen.

Tsjerkeprovinsje De aartsbiskop fan München-Freising is metropolyt fan 'e tsjerkeprovinsje, dy't trije suffragaanbisdommen telt:

Augsburg (foar 1803 tsjerkeprovinsje Mainz) Passau (foar 1803 tsjerkeprovinsje Salzburg) Regensburg (foar 1803 tsjerkeprovinsje Salzburg)

Patroan Patroanhillige fan it aartsbisdom is de stifter fan it bisdom Freising, de hillige Korbinianus. Sint-Korbinianus wurdt alle jierren betocht by de Korbinianusbeafeart.

List aartsbiskoppen 1821-1846: Lothar Anselm Freiherr von Gebsattel 1846-1856: Karl August Graaf von Reisach 1856-1877: Gregor von Scherr 1878-1889: Antonius von Steichele 1889-1897: Antonius von Thoma 1898-1909: Franz Joseph von Stein 1909-1917: Franziskus kardinaal von Bettinger 1917-1952: Michael kardinaal von Faulhaber 1952-1960: Joseph kardinaal Wendel 1961-1976: Julius kardinaal Döpfner 1977-1982: Joseph kardinaal Ratzinger 1982-2007: Friedrich kardinaal Wetter 2007-: Reinhard kardinaal Marx

Munchen en Freising Kategory:München Kategory:Beieren Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1818