Edward Francis (Ed) Jennings (Philadelphia, 9 april 1898 - San Diego, 9 febrewaris 1975) wie in Amerikaansk roeier.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1932). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei Joseph Schauers en Charles Kieffer yn de twa-mei-stjoerman. Acht jier earder yn Antwerpen hie er mei Leon Butler en Harold Wilson in brûnzen medalje wûn op itselde ûnderdiel. Edward Jennings ferstoar op 9 febrewaris 1975, yn 'e âldens fan 76 jier.
Kategory:Amerikaansk roeier Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1975