Rowland David George OBE DSO (Bath, 15 jannewaris 1905 - Henley-on-Thames, 9 septimber 1997) wie in Ingelsk roeier.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei Hugh Edwards, Jack Beresford en John Badcock yn de fjouwer-sûnder-stjoerman.
Yn 1933 boask Rowland George mei de dochter fan Lord Rathcreedan, it pear krige fjouwer bern. Yn 'e Twadde Wrâldkriich tsjinne George by de RAF, dêr't er opklom ta de rang fan fleugelkommandant (wing kommander). Rowland George ferstoar op 9 septimber 1997, yn 'e âldens fan 92 jier.
Kategory:Ingelsk roeier Kategory:Ingelsk Olympysk kampioen Kategory:Ingelsk piloat Kategory:Ingelsk ofsier Kategory:Britsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1997