Marianne Zwagerman (Nederhorst den Berg, 22 augustus 1969) is in Nederlânsk skriuwster, sjoernalist, ynnovaasjestrateech, kollumnist en media-ûndernimmer. Hja hat bekendheid opboud fanwegen har skerpe analyses en krityske beskôgings op media en maatskippij en besiket mei in konfrontearjende en in útdaagjende styl minsken oan te trunen om bûten wenstige paden nei te tinken, sadat dy bewuste keuzes meitsje kinne.Speakers Academy, oproppen 27 febrewaris 2025.

Wurkpaad Marianne Zwagerman wurke nei har oplieding oan it IVA yn Driebergen as salesmanager by bedriuwen yn 'e autobranche, foardat hja by de Telegraaf Media Groep kaam, dêr't hja û.o. as direkteur digitale media wurke en ferantwurdlik wie foar mear as 100 ynternetsites en televyzje- en fideo-aktivitieiten. Hja stie yn dy rol oan 'e widze fan 'e oprjochting fan 'e publike omroppen PowNed en WNL.Speakers Academy, oproppen 27 febrewaris 2025

Yn 2011 publisearre hja har earste boek "Een webshop is geen carrière (Ontsnapt Uit Het Mutsenparadijs)", wêryn't se froulju oantrunet te krewearjen foar harren eigen ambysjes.Managementboek, oproppen 27 febrewaris 2025. Ek wie hja tiidsdeis op BNR Nieuwsradio te hearren mei in radiokolumn. Tusken 2014 en 2017 hie hja in plak yn it mediaforum op NPO Radio 1 yn it KRO-NCRV-programma De Ochtend. Dêrnjonken wie Zwagerman regelmjittich opinylieder op radio en televyzje by WNL en deifoarsitter op ferskillende fakgebieten, wêrûnder de media. Zwagerman publisearre ek yn ferskillende tydskriften. Har kollums ferskine regelmjittich yn ferskillende kranten.

Ek advisearret Zwagerman bedriuwen by it oersetten fan konsumintetrends nei fernijende businessmodellen.

Sûnt 2021 makket hja ek de podcast Op z'n Kop! foar PowNed en yn 2022 sette se útein mei in opinywebside en de podcast Dwarsnieuws mei Maurice de Hond.

Zwagerman is ek belutsen by spesifike maatskiplike kwestjes. Yn 'e tiid fan 'e boereprotesten tsjin it belied fan it regear Rutte IV spile Zwagerman in promininte rol. Hja folget ek kritysk de bou fan grutte wynmûneparken yn Nederlân en op 'e Noardsee en de rol fan subsidiëarre miljeuorganisaasjes yn Nederlân yn it algemien en de gefolgen fan 'e opmars fan 'e wolf yn it bysûnder.

Publikaasjes 2011: Een webshop is geen carrière. Ontsnap uit het Mutsenparadijs. Amsterdam, Bertram+de Leeuw Uitgevers, 2011. 2014: Leven als Jarmund (roman). Amsterdam, Q, 2014. 2016: Kluitjesvolk. Het hoeft niet! Amsterdam, Bertram+de Leeuw Uitgevers, 2016. 2021: Verslaafd aan drukinkt. De ondergang van de Telegraaf Media Groep. Amsterdam/Antwerpen, Volt, 2021.

Keppeling om utens Dwarsnieuws Bydragen fan Marianne Zwagerman op Youtube

Kategory:Persoan berne yn 1969 Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk ûndernimmer