It bisdom Rottenburg-Stuttgart (Dútsk: Bistum Rottenburg-Stuttgart; Latyn: Dioecesis Rottenburgensis-Stutgardiensis) is in roomsk bisdom yn it suden fan Dútslân. It bisdom foarmet ûnderdiel yn 'e tsjerkeprovinsje Freiburg.

Skiednis It bisdom Rottenburg waard op 16 augustus 1821 stifte mei de twa bullen De salute animarum en Provida solersque as katolike lânstsjerke fan it nije keninkryk Wuertemberch. Dat waard nedich nei't roomske lânsstreken yn it ramt nei de sekularisaasje fan 1803 by it eardere protestantske hartochdom Wuertemberch foege waarden. Mei de ynhuldiging fan 'e earste biskop op 20 maaie 1828, Johann Baptist von Keller, wie it bisdom funksjoneel. Nei de Twadde Wrâldkriich naam it oantal katoliken yn it bisdom troch de ferdriuwing fan 'e Dútsers út eastlike gebieten foars ta.

Under biskop Georg Moser krige de Sint-Eberhardtsjerke yn Stuttgart yn 1978 de status fan ko-katedraal. Sûnt draacht it bisdom de namme Rottenburg-Stuttgart.

Patroanhillige Patroanhillige fan it bisdom is Sint-Martinus. 11 novimber of de snein dy't folget op dy datum wurdt as in heechfeest yn it hiele bisdom fierd.

List biskoppen 28-01-1828 - 17-10-1845: Johann Baptist Judas Thaddeus von Keller 14-06-1847 - 03-05-1869: Josef von Lipp 17-06-1869 - 05-06-1893: Karl Joseph Hefele 05-06-1893 - 11-05-1898: Wilhelm von Reiser 20-07-1898 - 21-09-1898: Franz Xaver Linsenmann 11-11-1898 - 16-07-1926: Paul Wilhelm Keppler 02-03-1927 - 04-03-1949: Johannes Baptista Sproll 21-06-1949 - 04-06-1974: Carl Joseph Leiprecht 12-03-1975 - 09-05-1988: Georg Moser 17-04-1989 - 31-05-1999: Walter Kasper 07-07-2000 - : Gebhard Fürst

Rottenburg-Stuttgart Kategory:Baden-Wuertemberch Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1821