thumb|150px|Nôtmjitter op in 18e-iuwske gevelstien oan Brouwersgracht 163 yn Amsterdam In nôtmjitter wie yn earder tiden in troch it stedsbestjoer oanstelde amtner dy't derop taseach dat de hannel yn nôt earlik gie.
De nôtmjitters wiene beëdige mei it ôfmjitten fan partijen nôt neffens standertmaten. "Twee begrafenisschilden", Rijksmuseum Amsterdam (deade kepp) Se kontrolearren oft de mjitte goed wie. Ek waard metten hoefolle it nettogewicht de hektoliter wie. Korendragershuisje Franeker De nôtmjitters hâlden boppedat tafersjoch op it leverjen fan nôt. Se bepaalden en notearren de oanfierde hoemannichten en it te beteljen aksyns (ynfierrjochten). Ek ferfollen se hiel oare taken, lykas it oppakken fan dogeneaten en it bestriden fan brân. "Gevelsteen Korenmeter, Korendragershuisje Franeker, Gevelsteenen.net
De nôtmjitter brûkte in houten skep om nôt te skeppen, in strikel (in stôk om in mei nôt folle tonne ôf te striken) en in wan (in skaalfoarmige koer om it tsjêf fan it nôt te suverjen). De wan hie nei alle gedachten de ynhâld fan in skeppel (25 liter). De útdrukking 'aan de strijkstok blijven hangen'/'der bliuwt [hiel wat, gâns] oan 'e strykstôk hingjen' stamt ôf fan it ôfstriken fan in standertmjitte mei in strykstôk by de ferkeap fan nôt. F.A. Stoett, Nederlandsche spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden. W.J. Thieme & Cie, Zutphen 1923-1925 (fjirde druk), s.328
In tal stêden yn de Lege Lannen stelden nôtmjitters oan. Yn Gint wiene de nôtmeters al yn de midsiuwen fan belang, omdat de stêd doe it steapelrjocht op nôt hie. Johan Dambruyne, Corporatieve middengroepen: aspiraties, relaties en transformaties in de 16de-eeuwse Gentse ambachtswereld, Academia Press, 2002, s. 35 Yn Nederlân wiene de nôtmeters benammen yn de Gouden Iuw fan grut belang, doe't de nôthannel in tige foaroansteande rol yn de ekonomy spile (sjoch memmenegoasje).
Oant yn de 20e iuw bleaune nôtmjitters aktyf. Yn Frjentsjer soene de lêste twa nôtmjitters noch yn de Twadde Wrâldoarloch tsjinst dien hawwe.
Gilden Korenmeters hiene har eigen gilde. Dy waard soms gearfoege mei gilden fan besibbe beroppen lykas nôtsetters en nôtdragers. Dy krigen dan ek in mienskiplik gildehûs, lykas it Korenmetershuisje yn Amsterdam of it Nôtdragershúske yn Frjentsjer.
Kategory:Nôt Kategory:Amtner Kategory:Histoarysk berop