Kenneth (Ken) Myers (Norristown, 26 augustus 1896 - 22 septimber 1972) wie in Amerikaanske roeier.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920 1928 en 1932). Hy wûn by syn Olympysk debút yn 1920 yn Antwerpen de sulveren medalje yn de fjouwer-mei-stjoerman. Acht jier letter naam Myers yn Amsterdam diel oan de Olympyske Simmerspullen 1928 en wûn de sulveren medalje yn de skiff. By de Olympyske Simmerspullen 1932 yn eigen lân wûn er tegearre mei Garrett Gilmore de olympyske titel yn de dûbeld-twa. Kenneth Myers ferstoar op 22 septimber 1972, yn 'e âldens fan 76 jier.
Kategory:Amerikaansk roeier Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1972