Georgia Coleman (St. Maries, 23 jannewaris 1912 - Los Angeles, 14 septimber 1940) wie in Amerikaansk keunstdûkster.
Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Sy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de trije meter planke, sy wûn ek noch twa sulveren medaljes en in brûnzen medalje. Yn 1937 krige se polio, mar hja learde op'e nij swimmen, twa jier letter ferstoar Georgia Coleman op 14 septimber 1940, yn 'e âldens fan 28 jier oan de gefolgen fan in longûntstekking.
Kategory:Amerikaansk keunstdûker Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1940