De brune kroanein (Netta erythrophthalma) is in einfûgel, dy't yn 'e eastlike dielen fan Afrika en fragmintearre dielen fan Súd-Amearika libbet.
Beskriuwing Brune kroaneinen ha in donker fearrekleed mei yn 'e flecht in brede wite bân op 'e wjukken. Jerken binne donkerbrún oant glânzgjend swart mei kastanjebrune wjukken en in ljochtgrize snaffel. Sijkes ha wyt by de snaffel en in wyt plak yn 'e foarm fan in heale moanne efter it each.
Fersprieding Brunen kroaneinen libje op twa kontininten en binne ûnder te ferdielen yn twa ûndersoarten.
Undersoarten N. e. erythrophthalma, of de Súd-Amearikaanske brune kroanein, dy't fral yn it Amasônebekken fan Súd-Amearika foarkomt. N. e. brunnea, of de Afrikaanske brune kroanein, dy't syn ferspriedingsgebiet fan Etioopje oant Súd-Afrika hat.
De Súdamerikaanske ûndersoarte hat in fragmintearre ferspriedingsgebiet en libbet yn Kolombia, Fenezuëla, Brazylje, Ekwador, Perû, Bolivia, Argentynje oant Sily. De soarte libbet yn ûndjip swietwetter mei in soad ûnderwetterbegroeiïng yn leechlannen oant in hichte fan 3.700 m.
De Afrikaanske ûndersoarte libbet fan 'e Kaap oant de Etiopyske heechlannen op wetter mei of sûnder begroeiïng. Oannommen wurdt dat de soarte oarspronklik in trekfûgel wie, mar de bou fan in soad damen ha fan 'e fûgels mear stânfûgels makke. De grutste konsintraasjes binne te finen op de sintrale plato's fan Afrika en yn it súdwestlike winterreingebiet.
Status De soarte nimt sûnt de jierren 1970 ôf. Yn 2016 waard in oantal fan 25.000 Súdamerikaanske einen neamd, mar dat oantal kin te heech wêze om't der gegevens ûntbrieken. Fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet klassifisearret de IUCN as net bedrige.
Keppeling om utens BirdLife Ebird Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kroanein Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda