André René Jousseaume (Yvré-l'Évêque, 27 july 1894 - Chantilly, 26 maaie 1960) wie in Frânsk hynstesporter.

Hy die fiif kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936, 1948, 1952 en 1956). Hy waard yn Los Angeles en Londen Olympysk kampioen mei it Frânske team, yn Berlyn wûn er mei it team in sulveren medalje. Yndividueel wûn hy yn Londen it sulver en yn Helsinki it brûns.

As beropsoffisier focht Jousseaume yn de Earste Wrâldkriich by Ferdun. Yn de Twadde Wrâldkriich waard er yn 1940 as squadronsjef kriichsfinzen naam troch de Dútsers, mar rekke er net ferwûne. Nei syn pensjonearring waard kolonel Jousseaume haad fan'e riidklup yn Chantilly, dêr't er in protte ruters trainde en yn 1951 in trainingshânboek publisearre. André Jousseaume ferstoar op 26 maaie 1960, yn 'e âldens fan 65 jier.

Kategory:Frânsk hynstesporter Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Frânsk ofsier Kategory:Frânsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Frânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frânsk kriichsfinzene Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1960