Earl Foster Thomson (Cleveland, 14 augustus 1900 - Santa Barbara, 5 july 1971) wie in Amerikaansk hynstesporter.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936 en 1948). Hy waard yn Los Angeles en Londen Olympysk kampioen mei it Amerikaanske eventing team, yn Londen wûn er mei it dresseur team in sulveren medalje. Yndividueel wûn hy yn Los Angeles en yn Berlyn in sulveren medalje by it eventing.
Thomson tsjinne yn de Twadde Wrâldkriich as haad fan de 10th Mountain Division nei de kriich wie er inkelde jierren yn Europa legere foardat er yn 1954 mei pensjoen gie as kolonel. Earl Thomson ferstoar op 5 july 1971, yn 'e âldens fan 70 jier.
Kategory:Amerikaansk hynstesporter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk ofsier Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1971