Takeichi Nishi, 2de baron Nishi (Minato, 12 july 1902 - Iwo Jima, 22 maart 1945) wie in Japansk militêr en hynstesporter.
Sportkarriêre Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen by it springen.
Militêre karriêre Nishi waard berne as bûtenechtlike soan fan Tokujiro Nishi, âld-minister fan Bûtenlânske Saken, en krige de titel fan Baron nei de dea fan syn heit yn 1912. Om in diplomatike karriêre nei te stribjen, gie er nei de militêre akademy yn Japan, dêr't er yn 1924 oan ôfstudearre, en sleat him oan by de Japanske kavalery. Yn 1927 studearre er ôf oan de Militêre Kavalery Skoalle en waard befoardere ta de rang fan luitenant by de kavalery. Nei de Olympyske Spullen yn Los Angeles waard er ynstrukteur oan de Militêre Kavalery Skoalle. Doe't de kriich útbruts, waard er ferantwurdlik foar de training fan de hynders oant de measte kavalery rezjiminten omfoarme waarden ta tank rezjiminten. Yn 1944 waard Baron Nishi beneamd ta rezjimintskommandant fan it 26ste Tankregimint, Mudanjiang, dat earst ynset waard yn Noard-Mantsjoerije en dêrnei by de ferdigening fan Iwo Jima. Takeichi Nishi sneuvele op 22 maart 1945, yn 'e âldens fan 42 jier.
Kategory:Japanske adel Kategory:Japansk hynstesporter Kategory:Japansk Olympysk kampioen Kategory:Japansk ofsier Kategory:Japansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1945