Santiago Alberto Lovell Birnes (Buenos Aires, 23 april 1912 - Dêre, 17 maart 1966) wie in Argentynsk bokser.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn de klasse boppe 79,4 kg (swiergewicht). Lovell waard yn 1934 profesjoneel bokser. en wûn it Súd-Amerikaanske swiergewichtkampioenskip yn 1938, in titel dy't er oant 1953 yn syn besit hie, hoewol't er dy nei 1944 net mear ferdigene. Alberto Lovell wie de broer fan Guillermo Lovell dy't sulver wûn yn 1936 en de heit fan Santiago Lovell dy't yn 1964 oan de Spullen meidie. Santiago Lovell ferstoar op 17 maart 1966, yn 'e âldens fan 53 jier.
Kategory:Argentynsk bokser Kategory:Argentynsk Olympysk kampioen Kategory:Argentynsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Argentynsk persoan fan Barbadysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1966