René André Duverger (Parys, 30 jannewaris 1911 - Caen, 16 augustus 1983) wie in Frânsk gewichtheffer.

Hy die seis kear mei oan Europeeske kampioenskippen en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen yn 1934 ien kear Europeesk kampioen, en yn Los Angeles Olympysk kampioen yn de klasse oant 67,5 kg.

Nei syn sportkarriêre wie Duverger sportlearaar fan berop, jierrenlang sekretaris fan de Gewichtheffederaasje fan Frankryk. René Duverger ferstoar op 16 augustus 1983, yn 'e âldens fan 72 jier.

Kategory:Frânsk gewichtheffer Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Frânsk ûnderwizer Kategory:Frânsk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1983