Stellers eider of de stellereider (Polysticta stelleri) is in einesoarte út de famylje einfûgels (Anatidae). It is de iennige soarte yn it skaai. De fûgel is ferneamd nei de Dútske ûndersiker Georg Wilhelm Steller.

De soarte waard oant 1945 ta it skaai fan 'e eiders (Somateria) rekkene, mar om 't de fûgel minder besibbe is as de oare trije soarten yn it skaai, stiet de Stellers eider hjoed-de-dei yn in apart skaai.

Beskriuwing Stellers eider is de lytste fan 'e fjouwer eidersoarten. Jerken wege trochstrings 800 gram. It binne kompakte fûgels mei in relatyf grutte kop, in lange sturt en in lange dikke snaffel.

Jerken hawwe harren opfallende simmerkleed fan it begjin fan 'e winter oant midsimmer. De fûgels ha in wite kop en wite skouders. Op 'e kop sitte grieneftige plukjes fearren efter de holle en tusken it each en de snaffel. Om it each is in swart plak, ûnder de snaffel rint in swarte streek en om 'e nekke rint in swarte kraach. It boarst en de flanken binne kanielkleurich en ha oan beide kanten in opfallende swarte stip. De stút is swart. De wjukken ha wite streken mei in irisearjende blaueftich-pearse eftergrûnkleur en wite râne. De poaten binne donkergriis. Healwei de simmer oant de hjerst krije de jerken harren winterkleed, dat benammen donkerbrún is mei in blaueftige spegel mei wite rânen (sekundêre fearren) op 'e wjukken.

It sijke is donkerbrún mei in feale eachring en in donkere snaffel.

Fersprieding Winterdeis libbet de soarte oan 'e kust yn baaien en lagune's, dy't de fûgel gaadlike foerazjearmooglikheden biede. Somtiden binne se ek op djipper wettergebieten te sjen as dy yn 'e lijte lizze. Harren nêsten lizze op de sompeftige tûndra oan 'e kust, yn gebieten mei in soad gers en sigge. Yn dy gebieten sykje se de hegere gebieten út. Yn 'e tiid dat se ferfearje sykje se de relatyf beskutte kustlagunes mei seewier en seebanken en strannen op om dêr te foerazjearen en te rêsten wylst se net fleane kinne.

Der binne trije briedpopulaasjes fan 'e soarte: ien yn Alaska en twa yn it poalgebiet fan Ruslân. thumb|left|In kloft fûgels. De Russysk-Atlantyske populaasje briedt westlik fan 'e Chatanga en oerwinteret yn 'e Barentssee en Eastsee. De Russysk-Pasifyske populaasje briedt eastlik fan 'e Chatanga en oerwinteret yn 'e súdlike Beringsee en noardlike Pasifyske Oseaan. De briedpopulaasje fan Alaska briedt op de Arktyske kustflakten en yn hiele lytse oantallen yn 'e Yukon-Kuskokwim-delta. Se oerwinterje yn 'e súdlike Beringsee en de noardlike Pasifyske Oseaan. Minder as 1% fan 'e wrâldpopulaasje fan Stellers eider briedt yn Alaska.

Guon net-briedende populaasjes ferbliuwe simmerdeis yn it noarden fan Noarwegen en oan 'e eastkust fan Ruslân en yn it súdwesten fan Alaska.

Briedgedrach In nêst bestiet út ien oant 8 oliifkleurige aaien, mar de measte aaien wurde noch foar it útkommen opfretten troch rôfdieren. It sijke briedt de aaien yn likernôch 25 dagen allinnich út. De dûnzige jongen komme tusken ein juny en ein july út mei de eachjes iepen. It binne nêstflechters; fuort nei it útkommen geane se nei it wetter en sykje se sels iten. De sijkes bliuwe oant likernôch 35 dagen nei it útkommen mei de piken binnen in straal fan 700 m by it nêst. De piken begjinne nei likernôch 40 dagen te fleanen. It komt foar dat ien sijke op mear jongen as har eigen past.

Status Yn 2016 waard de wrâldpopulaasje fan 'e soarte tusken 110.000 en 125.000 fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de soarte as kwetsber.

De briedpopulaasje fan Alaska is foars ôfnommen. De reden dêrfan is net hielendal dúdlik. Mooglik hat it mei klimaatferoaringen te meitsjen, mei tanommen predaasje, sykte en leadfergiftiging as gefolch fan jacht. In oare bedriging foarmje oaljeloazingen en fersmoarging.

Sûnt 1997 wurdt de briedpopulaasje yn Alaska as bedrige beskôge. De belangrykste reden dêrfoar wie it hast folslein ferdwinen fan 'e populaasje yn 'e Yukon-Kuskokwimdelling, wêrtroch it risiko op útstjerren fan 'e soarte yn Alaska tanaam.

Keppeling om utens BirdLife IUCN Ebird Avibase

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Stellers eider Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See