George Julius Gulack (Riga, Keizerryk Ruslân, 12 maaie 1905 - Boca Raton, Feriene Steaten, 27 july 1987) wie in Amerikaansk turner fan Letsk komôf.
Yn syn jeugd yn Letlân ferdielde George Gulack syn tiid tusken turnjen, dêr't er yn 1921 nasjonaal mearkamp kampioen waard, en atletyk, mar doe't er yn 1922 nei Amearika kaam, wie er in wedstriidgymnast. Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de ringen mei 56.9 punten. Nei syn sportkariêre waard er bestjoerder by ferskate Amerikaanske gymnastykorganisaasjes. George Gulack ferstoar op 27 july 1987, yn 'e âldens fan 82 jier.
Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1932Los Angeles Ringen
Kategory:Amerikaansk turner Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk persoan fan Letsk komôf Kategory:Letsk turner Kategory:Amerikaansk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1987