Savino Guglielmetti (Milaan, 26 novimber 1911 - Dêre, 23 jannewaris 2006) wie in Italjaansk turner.
Biografy Yn syn jonge jieren oerlibbe Guglielmetti in fal fan fjouwer ferdjippingen heech troch him fêst te klamjen oan elektrisiteitskabels dy't bûten hongen. Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936 en 1948). Hy waard yn Los Angeles twa kear Olympysk kampioen. Op de sprong behelle er 54.1 punten en hy wûn mei it Italjaanske team de mearkamp foar lannen.
Nei syn aktive karriêre bleau Guglielmetti belutsen by it Italjaanske turnbûn.Savino Guglielmetti ferstoar op 23 jannewaris 2006, yn 'e âldens fan 94 jier.
Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1932Los Angeles5e Mearkamp yndividueel, Mearkamp lannen, Sprong,10e Brêge,11e Rekstôk,22ste flier1936Berlyn12e Mearkamp yndividueel,5e Mearkamp lannen,13e Sprong,9e Brêge,30ste Rekstôk,33ste Flier14e Ringen14e Foltiizjehynder1948Londen76ste Mearkamp yndividueel,5e Mearkamp lannen,55ste Sprong,11e Brêge,27ste Rekstôk,76ste Flier40ste Ringen19e Foltiizjehynder
Kategory:Italjaansk turner Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk sportbestjoerder Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 2006