Raymond Henry (Benny) Bass (Chambersville (Arkansas), 15 jannewaris 1910 - Los Angeles, 10 maart 1997) wie in Amerikaansk turner.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, by it touklimmen yn in tiid fan 6.7 sekonden.

Nei syn ôfstudearjen oan de Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis yn 1931 tsjinne Raymond Bass oant 1959 by de Amerikaanske Marine en berikte úteinlik de rang fan fise-admiraal. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie er kommandant fan ûnderseeërs, ien fan de mar twa marineoffisieren dy't dy posysje yn 'e kriich besette en it neifertelle koe. Nei de Japanske kapitulaasje late Bass tolve ûnderseeërs nei de Baai fan Tokio. Nei syn pinsjonearring by de marine wurke Benny Bass as konsultant foar in produksje- en yngenieursbedriuwen letter waard er makelder. Raymond Bass ferstoar op 10 maart 1997 yn 'e âldens fan 87 jier.

Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1932Los Angeles Touklimme

Kategory:Amerikaansk turner Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk admiraal Kategory:Amerikaansk makeler Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1997