Attilio Pavesi (Caorso, 1 oktober 1910 - Buenos Aires Argentynje, 2 augustus 2011) wie in Italjaansk hurdfytser en twafâldich Olympysk kampioen.

Biografy Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de yndividuele tiidrit mei in tiid fan 2:28:05.6, de tiidrit gie oer in ôfstân fan 100 kilometer. Troch de goede prestaasjes fan syn lângenoaten Guglielmo Segato en Giuseppe Olmo yn dyselde yndividuele tiidrit wûn de Italjaanske ploech ek it ploegeklassemint. Nei de Olympyske Spullen bleau er noch inkelde jierren as prof riden (1932-35). Hy naam diel oan de Omgong fan itaalje yn 1934.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ferhuze Pavesi nei San Miguel, Argentynje, dêr't er in fytswinkel iepene. Pavesi wie by syn ferstjerren de âldste libjende olympyske kampioen; hy waard opfolge troch de Hongaarske wetterpoloër Sándor Tarics. Attilio Pavesi ferstoar op 2 augustus 2011, yn 'e âldens fan 100 jier.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Itaalje

1934 - 52ste;

Ploegen 1933 - Maino - Clement 1934 - Bianchi

Kategory:Italjaansk hurdfytser Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Argentynsk ûndernimmer Kategory:Argentynsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 2011