Raymond André Marie Suvigny (Parys, 21 jannewaris 1903 - Dêre, 26 oktober 1945) wie in Frânsk gewichtheffer.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1932). Yn Parys waard hy njoggende, de Olympyske Spullen fan Amsterdam moast hy sjitte litte ta gefolch fan in blessuere, hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen yn de klasse oant 60 kg. Nei syn Olympyske titel hâld Suvigny op mei gewichtheffen. Raymond Suvigny ferstoar op 26 oktober 1945, yn 'e âldens fan 42 jier, nei in lange perioade fan kriichsfinzenskip.
Kategory:Frânsk gewichtheffer Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Frânsk soldaat Kategory:Frânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frânsk kriichsfinzene Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1945