Boateinen (Tachyeres) foarmje in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). Der binne fjouwer soarten yn it skaai en trije dêrfan kinne net fleane. It binne grutte einen dy't fral oan 'e kust libje en harren ferspriedingsgebiet ha yn it suden fan Súd-Amearika. Twa soarten binne endemyske soarten.
It skaai waard yn 1875 troch de Ingelske soölooch Richard Owen beskreaun om de Falklânboatein ûnder te bringen. De skaainamme Tachyeres komt fan it Aldgrykske ταχυ- "fluch" + ἐρέσσω "ik roei". As se hurd swimme brûke se de wjukken om yn it wetter te slaan, sadat in effekt ûntstiet dat op dat fan in radarsteamboat liket. Dêrfandinne de namme "boateinen".
Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Ferspriedingsgebiet Status 150px Tachyeres brachypterus Falklânboatein Falklâneilannen net bedrige (2018) 150px Tachyeres leucocephalus Wytkopboatein Argentynje gefoelich (2018) Tachyeres patachonicus Fleanende boatein Argentynje, Sily, Falklâneilannen, Fjoerlân net bedrige (2018) 150px Tachyeres pteneres Reuzeboatein Sily, Fjoerlân net bedrige (2018)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Einfûgel