Nino Borsari, (Cavezzo, 14 desimber 1911 - Melbourne Austraalje, 31 maart 1996) wie in Italjaansk baanhurdfytser.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de Efterfolging mei Paolo Pedretti, Marco Cimatti en Alberto Ghilardi yn in tiid fan 4:53.0.

Nei de Olympyske Spullen yn Los Angeles waard er frege om te racen yn 6-deiske wedstriden yn Madison Square Garden. Yn 1934 waard er foar it earst útnûge om yn Austraalje te racen yn de Victorian Centenary Cycling Tour. Hy kearde yn 1939 werom nei Austraalje doe't de fijannichheden yn Europa útbrutsen. Nettsjinsteande it feit dat er in Italjaan wie, yn in tiid dat Itaalje en Austraalje technysk sjoen yn kriich wiene, iepene Borsari in fytswinkel yn Melbourne. Nino Borsari ferstoar op 31 maart 1996 yn 'e âldens fan 84 jier.

Kategory:Italjaansk baanhurdfytser Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Australysk ûndernimmer Kategory:Australysk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Emyljaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1996