Marco Cimatti, (Bologna, 13 febrewaris 1912 - dêre, 21 maaie 1982) wie in Italjaansk baanhurdfytser.
Biografy Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de Efterfolging mei Paolo Pedretti, Nino Borsari en Alberto Ghilardi yn in tiid fan 4:53.0.
Hy waard prof yn 1934, yn de Omgong fan itaalje fan 1937 wûn er trije etappes. Hy wûn ek de earste etappe yn 1938, wêrtroch't er yn de rôze trui ride mocht, sy it mar foar ien dei. Cimatti hie nei syn sportkarriére in lyts fytsefabryk dat in profploech sponsore yn'e jierren fuort nei de Twadde Wrâldkriich. Marco Cimatti ferstoar op 21 maaie 1982 yn 'e âldens fan 70 jier.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1937 - net finishe;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1937 - 25ste; winner 7e, 12e en de 19e etappe. 1938 - Net finishe; winner 1ste etappe. 1939 - Net finishe;
Ploegen 1938 - Lygie-Settebello 1939 - UC Modenese
Kategory:Italjaansk baanhurdfytser Kategory:Italjaansk hurdfytser Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk ûndernimmer Kategory:Emyljaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1982