Giuseppe Airoldi (Lecco, 8 septimber 1861 - 13 desimber 1913) wie in Italjaansk puzelmakker en sjoernalist. thumb|left|Parole incrociate fan Giuseppe Airoldi út 1890 Airoldi wie amtner fan de gemeente Lecco en pleatslike korrespondint foar de krante Corriere della Sera. Airoldi syn grutste leafhawwerij wie musikolooch en enigmist.
Giuseppe Airoldi waard bekend troch it publisearjen fan it earste ûntwerp fan Parole incrociate. Dit 'krúswurdwurd' ferskynde op 14 septimber 1890 yn nûmer 50 fan Il Secolo Illustrato della Domenica, in Milaaneesk tydskrift ûnder redaksje fan Edoardo Sonzogno. Giorgio Spreafico, L'uomo delle parole incrociate], Lecco, Teka Edizioni, 2018, ISBN 9788899142360 By de puzel stie 'Om de tiid troch te kommen'.
De opjefte bestie út in roaster fan 4 by 4 wite fekjes; elke rige en kolom hie in eigen omskriuwing. De oplossings wiene: RIPA-ODER-SERA-AMEN horizontaal en ROSA-IDEM-PERE-ARAN fertikaal.
Kategory:Italjaansk puzelmakker Kategory:Italjaansk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn 1861 Kategory:Persoan stoarn yn 1913