Lillian Copeland (berne as Lillian Drossin), (New York, 24 novimber 1904 - Los Angeles, 7 july 1964) wie in Amerikaansk atlete.

Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1932). Sy waard yn Amsterdam twadde mei in ôfstân fan 37.08 meter, fjouwer jier letter yn Los Angeles waard Copeland Olympysk kampioene mei in Olympysk rekôr fan 40.58 meter.

Copeland, dy't rjochten studearre hie, wurke fjouwerentweintich jier by de Los Angeles County Sheriff's Department. Lillian Copeland ferstoar op 7 july 1964, yn 'e âldens fan 59 jier, nei in lang siik wêzen.

Kategory:Amerikaansk diskuswerper Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1964