Edgar Laurence (Dunc) Gray, (Goulburn (Nij-Súd-Wales), 17 july 1906 - Kiama (Nij-Súd-Wales), 30 augustus 1996) wie in Australysk baanhurdfytser.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de tiidrit yn in Olympysk rekôr fan 1:13.0 nei't er fjouwer jier earder yn Amsterdam in brûnzen medalje wûn hie op itselde ûnderdiel. Yn 1936 yn Berlyn wie er de Australyske flaggedrager by de iepeningsseremoanje. De velodroom dêr't de baanwedstriden yn Sydney yn 2000 hâlden waarden, is nei him ferneamd. Dunc Gray ferstoar op 30 augustus 1996 yn 'e âldens fan 90 jier.

Kategory:Australysk baanhurdfytser Kategory:Australysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1996