James Aloysius Bernard (Jim) Bausch (Marion (Súd-Dakota), 28 maart 1906 - Hot Springs (Arkansas), 9 july 1974) wie in Amerikaansk mearkamper.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de tsienkamp, mei in wrâldrekôr fan 8462,23 punten.

Nei syn sportkarriêre besocht Bausch it te meitsjen as nachtklupsjonger foardat er yn de fersekeringen gie. Yn'e Twadde Wrâldkriich, doe't er by de Amerikaanske Marine yn'e Stille Oseaan tsjinne, rûn er in ynfeksje fan it bonkemoarch op, en de pine dy't dêrmei mank gong late ta alkoholisme. Uteinlik werstelde Bausch fan beide problemen en yn syn lettere jierren holp er oare pasjinten mei deselde ynfeksjes. James Baush ferstoar op 9 july 1974, yn 'e âldens fan 68 jier

Kategory:Amerikaansk mearkamper Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk matroas (militêr) Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk assuradeur Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1974