thumb| Flagge fan East-Dongeradiel De flagge fan East-Dongeradiel is de flagge fan de eardere gemeente East-Dongeradiel. De flagge waard op 17 desimber 1963 registrearre.
Sûnt 1984 is de flagge net langer mear as gemeenteflagge yn gebrûk, omdat East-Dongeradiel doe part wurden is fan Dongeradiel, tegearre mei de gemeenten West-Dongeradiel en Dokkum. Yn 2019 is Dongeradiel opgien yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Folgens de flecht weagjend yn trije banen fan blau, wyt en blau mei in diagonaalferhâlding fan 2:1:2; de baan oan de broekside belein mei in giele leelje; de baan oan de flechtside mei trije giele gearbûne nôtieren.
De kleuren komme út it wapen fan East-Dongeradiel.
Symbolyk Nôtieren: ferwiist nei de lânbou yn de gemeente. Weagjende baan: ferwiist nei De Peazens dy't de grins foarme mei West-Dongeradiel. De Peazens wurdt ek wol de Donger neamt.
Sjoch ek
Kategory:East-Dongeradiel Kategory:Skiednis fan Dongeradiel East-Dongeradiel Kategory:Skiednis fan Noardeast-Fryslân