Olivér Halassy (berne as: Olivér Haltmayer) (Bûdapest, 31 july 1909 - Dêre, 10 septimber 1946) wie in Hongaarsk wetterpoloër en swimmer.
Hy die trije kear mei it Europeeske kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen Hy spile yn Amsterdam fjouwer wedstriden, yn Los Angeles spile hy trije wedstriden en yn Berlyn spile Halassy alle wedstriden.
Doe't er acht jier âld wie, rekke hy syn linkerûnderskonk kwyt nei in ferkearsûngelok mei in tram, wêrtroch't er ien fan de earste lichaamlik beheinde atleten wie op de Olympyske Simmerspullen. Nettsjinsteande dat waard er yn 1931 Europeesk kampioen op de 1500 meter frije slach en wûn er yn totaal 25 yndividuele Hongaarske nasjonale titels yn it swimmen tusken 1926 en 1938 op de 400, 800 en 1500 meter frije slach, yn de 4x200 frije slach estafette en iepen wetter swimmen, en njoggen mei it team yn iepen wetter swimmen.
Nei syn swimkarriêre waard Halassy akkountant op it stedhûs. Op 10 septimber 1946 waard er yn 'e âldens fan 37, nei in taksyrit nei hûs yn Bûdapest, fermoarde troch in Russyske soldaat by in nachtlike oerfal.
Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk swimmer Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk boekhâlder Kategory:Hongaarsk misdieslachtoffer Kategory:Moardslachtoffer Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1946