György Bródy (Bûdapest, 21 july 1908 - Jehannesburch, Súd-Afrika, 5 augustus 1967) wie in Hongaarsk wetterpoloër.

Hy die twa kear mei it Europeeske kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen Hy spile yn Los Angeles twa wedstriden, yn Berlyn spile hy seis wedstriden.

Yn'e Twadde Wrâldkriich moast Bródy twangarbeid dwaan oan it Eastfront. Yn 1948 wie hy trainer fan it Hongaarske team dat op de Spullen de sulveren medalje wûn. Brody emigrearre ein dat jier nei Súd-Afrika, dêr't er in jernfabryk oprjochte. Yn 1960 wie hy de trainer fan de nasjonale ploech fan Súd-Afrika op de Spullen yn Rome. György Bródy ferstoar op 5 augustus 1967, yn 'e âldens fan 59 jier ta gefolch fan in hertoanfal wilens it fuotbaljen.

Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk wetterpolotrainer Kategory:Hongaarsk ûndernimmer Kategory:Súdafrikaansk wetterpolotrainer Kategory:Súdafrikaansk ûndernimmer Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1967