Giulio Gaudini (Rome, 28 septimber 1904 - Dêre, 6 jannewaris 1948) wie in Italjaansk skermer.

Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen acht kear wrâldkampioen, en trije kear Olympysk kampioen. Gaudinini wûn sawol medaljes mei de floret as mei de sabel.

Giulio Gaudini ferstoar op 6 jannewaris 1948, yn 'e âldens fan 43 jier, oan de gefolgen fan kanker.

Kategory:Italjaansk skermer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1948