Fluiteinen (Dendrocygna) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje einfûgels (Anatidae).

Fluiteinen komme yn 'e tropen subtropen foar. Lykas de namme seit meitsje de einen in fluitsjend lûd. It binne sosjale fûgels dy't bûten de briedtiid grutte kloften foarmje.

Fluiteinen binne einen mei in lange hals en lange poaten. Tusken jerken en sijkes binne wat fearrekleed oanbelanget hast gjin ferskillen. Yn 'e regel helpt it jerkje by it bouwen fan it nêst, dat faak yn in beamholte sit. Se wurde dêrom ek wol beameinen neamd. Jerken en sijkes briede beide de aaien út en nei it útkommen fan 'e aaien helpt it jerkje it sijke by it grutbringen fan 'e piken.

Se binne monogaam en bliuwe yn 'e regel byinoar as ien fan 'e twa einen stjert.

Soorten It skaai bestiet ut acht soarten:

Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Status120px Dendrocygna arborea Kubaanske fluitein kwetsber 120px Dendrocygna arcuata swalkjende fluitein kwetsber120px Dendrocygna autumnali swartbúkfluitein net bedrige120px Dendrocygna bicolor giele fluitein net bedrige120px Dendrocygna eytoni Australyske fluitein net bedrige120px Dendrocygna guttata bûnte fluitein net bedrige 120px Dendrocygna javanica Yndyske fluitein net bedrige120px Dendrocygna viduata wytwangfluitein net bedrige

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Einfûgel