Ciro Verratti (Archi, 17 augustus 1907 - Milaan, 6 july 1971) wie in Italjaansk skermer.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Italjaanske team op it ûnderdiel floret. Mei it Italjaanske team waard er ek noch twa kear wrâldkampioen.

Al foar syn sportkarriêre gie Verratti oan it wurk as sportferslachjouwer foar ferskate kranten. Yn 1961 waard er korrespondint foar de Corriere della Sera, dêr't er foaral ferslach foar die fan hurdfytsen. Ciro Verratti ferstoar op 6 july 1971 yn 'e âldens fan 63 jier, as gefolch fan in ferkearsûngelok oan de ein fan de 14e etappe fan de 54ste Omgong fan Itaalje.

Kategory:Italjaansk skermer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1971