De Giele fluitein (Dendrocygna bicolor) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).

Beskriuwing thumb|left|Giele fluitein. Giele fluiteinen wurde tusken 48 en 53 sm lang. Jerken wege tusken 700 en 850 gram, sijkes tusken 685 en 750 gram. Se ha in lange nekke, grize poaten en in lange grize snaffel. De kop, it boarst en de flanken ha in okergiele kleur. De wjukken en de sturt binne kastanjebrún. In yn 'e flecht goed sichtbere wite 'V' skiedt de donkere sturtfearren fan 'e romp.

Tusken jerken en sijkes binne gjin grutte waar te nimmen ferskillen.

Fersprieding De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en libbet yn it suden fan Noard-Amearika, West-Ynje, dielen fan West- en East-Afrika en East-Yndia en Bangladesj. Yn Afrika is de fûgel mobyl en fleant er grutte ôfstannen om geskikt biotoop te finen. Yn Madagaskar liket de fûgel in stânfûgel, mar yn it easten en westen fan Afrika trekt de fûgel.

It biotoop fan giele fluiteinen bestiet út swietwettermarren, puollen, sompen yn iepen gebieten en ûnder wetter strûpte greide. De fûgels meie ek graach yn gebieten mei wiete rystylt wêze en siket beskerming yn tichte wiete gebieten as er by it ferfearjen kwetsber is en net fleane kin. Giele fluiteinen briede yn losse, lytse groepkes. Bûten de briedtiid foarmje se grutte groepen fan somtiden tûzenen fûgels.

Nêst en iten thumb|left|Folwoeksen fûgel mei piken. De fûgels ite sied, fruit, gers, blêd, woartel en dielen fan wetterplanten en út en troch ek ynsekten. De nêsten besteane út in heap planten en driuwe faak op it wetter of tusken it reid. Yn Yndia briedt de soarte meast yn beamholtes of ferlitten nêsten fan oare fûgels.

Yn Afrika is de briedtiid ôfhinklik fan de rein. De populaasjes noardlik fan 'e Sambezy briede yn 'e tiid as der net in soad rein falt, wylst de populaasjes súd fan dy rivier briede yn 'e reintiid.

De soarte is nachts en deis aktyf.

Status De soarte wurdt ferfolge yn gebieten mei in soad rysbou. Ek ha de einen mei pestisiden te meitsjen. It oanlizzen fan damen yn 'e Senegalrivier feroarsake in tebekgong fan 'e kwaliteit fan it biotoop fan 'e ein. Yn Malawy wurdt de ein foar it fleis bejage, yn Nigearia om de ein te ferwurkjen yn tradisjonele medikaasje. Yn Yndia spilet it fersâltsjen, de ynfiering fan ynvasive planten in bedriging, de útwreiding fan 'e akwakultuer en wetterfersmoarging in rol by de degradaasje fan it biotoop fan 'e ein. Giele fluiteinen binne ek gefoelich foar botulisme.

De ein nimt yn oantallen ôf mar net mear as 30% yn tsien jier. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens BirdLife, oproppen 4 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 4 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 4 febrewaris 2025.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fluitein Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda