Edoardo Mangiarotti (Renate, 7 april 1919 - Milaan, 25 maaie 2012) wie in Italjaansk skermer.

Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en fiif kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936, 1948, 1952, 1956 en 1960). Hy waard by dizze kampioenskippen trettjin kear wrâldkampioen, en seis kear Olympyske kampioen.

Wilens de Twadde Wrâldkriich wie hy sportynstrukteur foar korporaals en sersjanten, wêrtroch't hy yn foarm bleau doe't der gjin toernoaien organisearre waarden. Nei syn sportkarriêre wurke Mangiarotti as makelder en sjoernalist, letter waard hy sekretaris by de ynternasjonale skermbûn.

Edoardo Mangiarotti ferstoar op 25 maaie 2012, yn 'e âldens fan 93 jier.

Kategory:Italjaansk skermer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk sjoernalist Kategory:Italjaansk makeler Kategory:Italjaansk sportbestjoerder Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 2012