De wytwangfluitein (Dendrocygna viduata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).

Beskriuwing thumb|left|Wytwangfluitein. De wytwangfluitein hat in lange grize snaffel, in lange nekke en lange poaten. Syn nekke en kop binne swart en hy hat in wyt gesicht. De hals is kastanjebrún. It hinget fan it gebiet fan 'e fûgel ôf hoefolle wyt dêr is; de wytwangfluiteinen yn westlik Afrika ha bygelyks mear swart. De rêch en wjukken binne donkerbrún oant swart en ûnder is de fûgel ek swart mei fine wite streken op 'e flanken.

Der bestiet gjin ferskil tusken jerken en sijkes. Juvenilen ha deselde kleuren, mar minder kontrastearjend.

Fersprieding De wytwangein hat in wat nuver ferspriedingsgebiet yn sawol Afrika as Súd-Amearika. Der is dêrom wol ornearre dat de soarte mooglik nei oare lokaasjes yn 'e Nije Wrâld brocht is. Yn sawol Afrika as Súd-Amearika bestiet it biotoop út swietwettermarren of opslachmarren mei in soad begroeiïng. De ein yt planten en sied.

Gedrach thumb|left|Spantsje wytwangeinen mei piken. It nêst wurdt op 'e grûn yn in kûle boud of tusken reidfjilden. It bestiet út 6 oant 12 aaien dy't troch jerk en sijke útbret wurde. De aaien kommen nei 26 oant 28 dagen út. It jerkje en it sijke passe op 'e piken en hâlde se ynearsten tusken it reid. Piken binne donker en giel. Twa moannen nei it útkommen kinne se fleane.

Wytwangeinen binne sosjale fûgels en komme by it lemieren yn kloften fan wol tûzen fûgels of mear op 'e plakken oan dêr't se graach wêze meie. De fûgels meitsje in soad leven en ha in dudlike fluittoan fan trije toanen.

De fûgel is gruttendiels in stânfûgel, mar kin lokaal noch wol 100 km of fierder trekke.

Status Op 'e wytwangfluitein is de Oerienkomst ta Behâld fan trekkende Afrikaansk-Euraziatyske wetterfûgels (AEWA) fan tapassing. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje waard yn 2023 op 1.410.000 oant 1.700.000 fûgels rûsd.

Keppeling om utens BirdLife, oproppen 2 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 3 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 2 febrewaris 2025.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fluitein Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda