De Yndyske fluitein (Dendrocygna javanica) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).
Beskriuwing thumb|left|Yndyske fluitein. Yndyske fluiteinen ha in gewicht fan 450 oant 680 gram. Jerken en sijkes ferskille net in soad fan inoar. De jerken binne yn 'e regel wat grutter as de sijkes. Lykas by oare soarten yn it skaai binne de flankfearren wat langer, mar net sa opfallend as by de Australyske fluitein. De búk en it boarst binne readbrún. De fearren op 'e rêch binne griisbrún en ha in ljochte seame oan 'e ein. Lykas oare soarten fan it skaai ha Yndyske fluiteinen in lange hals en lange poaten en in rjochte hâlding yn 'e rêst. Folwoeksen fûgels ha in ljochtgiele eachring.
Juvenilen ha noch net in readbrune búk en boarst en se ha ek in minder dúdlike eachring.
De fûgels binne fral aktyf by it lemieren. Grutte groepen fûgels ferlitte dan de rêstplakken om te iten.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan Yndyske fluiteinen leit yn Súdeast-Aazje. Se libje op wetter mei in soad driuw- en ûnderwetterplanten yn in boskeftige of agraryske omjouwing. Hiel faak komme se ek op rysfjilden. Oars as yn it ferspriedingsgebiet fan 'e Australyske fluitein, is de delslach yn it biotoop fan 'e Yndyske fluitein relatyf lykmjittich ferdield. Sadwaande is de Yndyske fluitein net in echte trekfûgel.
Gedrach thumb|left|Groep Yndyske fluiteinen. De Yndyske ein is in sosjale fûgel. Se ite wetterplanten, sied fan rysplanten, lytse fiskjes, kikkerts en wringeleaze dierkes. As it reint begjint de ein te brieden. Dat kin in holte yn in beam wurde of in nêst tusken takken fan in beam. It lechsel bestiet út sân oant tolve wite aaien, dy't troch beide âlders útbret wurde. De aaien komme nei 22 oant 24 dagen út. De soarte makket him wol ris skuldich oan briedparasitisme.
Status De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige. De wrâldpopulaasje wurdt tusken 200.000 en 2.000.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2023). De populaasje rint tebek.
Keppeling om utens BirdLife, oproppen 4 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 4 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 4 febrewaris 2025.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fluitein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren