thumb| Flagge fan Dokkum De flagge fan Dokkum is de flagge fan de stêd en eardere gemeente Dokkum. De flagge waard op 29 jannewaris 1948 registrearre.

De flagge is net langer mear as gemeenteflagge yn gebrûk omdat de gemeente Dokkum yn 1984 part waard fan de gemeente Dongeradiel.

Skiednis De flagge hat neist de kleuren fan it wapen fan Dokkum ek de kleur read. Dit is yn Nederlân ûngewoan, mar de flagge kaam yn 1708 foar yn it flaggeboek fan Hesman. Hesman wie in Dokkumer dus dizze fermelding wurdt as betrouber beskôge.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fjouwer like hege banen fan blau, wyt, read en giel.

Eardere flagge Op 25 augustus 1938 waard by riedsbeslut in eardere flagge fêststeld. de kleuren wien giel-blau-wyt.

Sjoch ek

Dokkum Dokkum Kategory:Skiednis fan Noardeast-Fryslân Kategory:Dokkum