De Swartbúkfluitein (Dendrocygna autumnalis) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).
Beskriuwing thumb|left|Opfleanende swartbúkfluitein. Underskiedend foar de soarte yn it skaai fluiteinen is de swarte ûnderkant, dêrfandinne de namme. De 58 oant 53 sm lange fûgel hat in grize kop en hals. Oer de krún rint oant yn 'e nekke in kastanjebrune streek. De fûgels ha in opfallende wite eachring, swarte eagen en in rôzereade snaffel (bûten de briedtiid feal readbrún) mei in ljochte punt. It boarst is griis oant kastanjebrún. Ek de rêch en de skouders binne kastanjebrún, wylst de slachpinnen swart en de dekfearren wyt binne. De fûgels ha in swarte sturt en rôze poaten. Fierder ha se de karakteristike skaaimerken fan alle fluiteinesoarten: lange poaten, in lange hals en brede wjukken.
Juvenilen binne fealer fan kleur en ha in grize snaffel.
De einen ha in fluitsjende rop.
Fersprieding De soarte libbet yn it suden fan 'e Feriene Steaten, tropysk Midden-Amearika en rûchwei de noardlike helte fan Súd-Amearika. Yn 'e Feriene Steaten wreidet de fûgel him út nei it noarden en de fûgels wurde oant yn Kanada waarnommen.
Undersoarten Swartbúkfluiteinen wurde neffens formaat en kleur yn twa soarten ûnderferdield:
D. a. autumnalis: fan Panama oant Ekwador en noardlik Argentynje. D. a. fulgens: fan súdeastlik Teksas oant Panama.
De noardlike ûndersoarte is grutter as de súdlike en hat in readbrún boarst, wylst de lytsere súdlike ûndersoarte dêr griis is.
Gedrach thumb|left|De ein mei pykjes. De soarte kin sels yn it wyld aardich nuet wêze. It is in sosjale fûgel dy't bûten de briedtiid yn grutte groepen libbet. Se libje yn frij ûndippe fivers, marren en sompen, op boulân en opslachmarren mei in soad begroeiïng.
Swartbúkfluiteinen briede yn beamholtes net fier fan wetter. Somtiden brûke se ek nissen yn gebouwen of nêstkasten. In lechsel bestiet yn 'e regel út 12 oant 17 wite aaien, dy't troch it jerkje en it sijke tusken 23 en 30 dagen útbret wurde. In dei nei it útkommen ferlitte de piken it nêst en wurde se troch de âlders fuorre. Nei 56 dagen kinne se fleane. Somtiden leit de soarte syn aaien ek yn it nêst fan Karolina-einen, dy't de de aaien dan faak mei sukses útbriede.
Se foerazjeare nachts en ite planten en somtiden wat wringeleaze dieren lykas ynsekten, spinnen en slakken. Ek foerazjeare se op stoppellân.
Status De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige. De wrâldpopulaasje wurdt op 200.000/1.100.000 oant 2.000.000 fûgels rûsd en nimt ta.
Keppeling om utens BirdLife, oproppen 4 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 4 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 4 febrewaris 2025.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fluitein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname