De rotgoes (Branta bernicla) is in fûgel fan it skaai seeguozzen (Branta) út de famylje einfûgels (Anatidae). Der binne trije ûndersoarten: de swartbúkrotgoes, de wytbúkrotgoes en de swart rotgoes.
Beskriuwing thumb|left|Swartbúkrotgoes yn 'e flecht. De swartbúkgoes is in lytse goes fan 55 oant 66 sm lang mei in swarte kop en in swart boarst. Op 'e hals sit in ljocht plak. De boppedielen binne griisbrún en de ûnderkant is brún. De anaalstreek en de ûndersturt is suver wyt en de sturt is swart en tige koart. De fûgels ha in koarte swarte snaffel.
Fersprieding De rotgoes hat in grut ferspriedingsgebiet. De soarte briedt op 'e arktyske tûndra en oerwinteret yn súdliker streken fan Noard-Amearika en Europa en dielen fan East-Aazje.
Yn Nederlân binne swartbúkrotguozzen fral yn Seelân en yn 'e polders fan 'e Waadeilannen te sjen. Fierder is de soarte yn Fryslân faak yn Noarderleech, de Peazemerlannen, de Grutte Wielen en de Alde Feanen te sjen.It Fryske Gea, oproppen 31 jannewaris 2025. De oare twa ûndersoarten binne hjir tige seldsum.
Sovon rûst it oantal oerwinterjende fûgels yn Nederlân op 51.600 oant 60.800.
Undersoarten De rotgoes is te ferdielen yn trije ûndersoarten.
De swartbúkrotgoes (B. b. bernicla) is in donker griisbrune fûgel, de flanken binne net ljochter as de rêch, de kop en nekke binne swart mei oan beide kanten in wyt plak op 'e nekke. Briedt oan de Arktyske kust fan West- en Sintraal Sibearje. Migrearret foar de winter nei West-Europa. De wytbúkrotgoes (B. b. hrota) is in griisbrune fûgel. De blekere flanken en búk kontrastearje mear mei de rêch. Kop en nekke binne swart mei oan beide kanten in wyt plak op 'e nekke. Briedt foar it grutste part yn Noardeast-Kanada. Dy fûgels oerwinterje oan 'e Atlantyske kust fan 'e Feriene Steaten oant Georgia. Fierder binne der noch twa lytsere briedpopulaasjes. De iene briedt yn Noardeast-Grienlân, Spitsbergen en Frâns Joazeflân, dy't oerwinteret yn Denemark, Noardeast-Ingelân en Skotlân. De oare briedt yn 'e meast noardeastlike Kanadeeske eilannen en oerwinteret yn Ierlân, Súdwest-Ingelân en yn Manche (Noard-Frankryk) De swarte rotgoes (B. b. nigricans) is in tige konstrastrike swartwite fûgel mei in donkerbrune rêch, in swarteftige búk en yn stee fan wite plakken yn 'e nekke in hast folslein wite kraach. De populaasje briedt yn Noardwest-Kanada, Alaska en East-Sibearje. Winterdeis is de fûgel te finen oan 'e westlike kust fan Noard-Amearika fan Súd-Alaska oant Kalifornje. Guon eksimplaren oerwinterje yn Japan, Koreä en Sina.
Gedrach Rotguozzen ite seegers, seekraal, algen en gersket ek wol op greide. It nêst wurdt op 'e grûn by wetter boud. In lechsel bestiet út 4 oant 6 aaien. Se briede yn maaie oant juny.
Status De IUCN klassifisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige. Keppeling om utens Sovon Birdlife. Ebird. Avibase.
Kategory:Goes (fûgel) Kategory:Seegoes Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Wales