De lytse Kanadeeske goes (Branta hutchinsii) is in fûgel fan it skaai seeguozzen (Branta) út de famylje einfûgels (Anatidae).

Beskriuwing thumb|left|Kop fan 'e lytse Kanadeeske goes. De soarte liket in soad op 'e Kanadeeske goes, mar is in stik lytser. Lytse Kanadeeske guozzen wurde 63 oant 65 sm grut en ha in spanwiidte fan 108 oant 111 sm.

Fersprieding Lytse Kanadeeske guozzen binne Noard-Amearikaanske fûgels en briede yn Noard-Kanada en Alaska op 'e tûndra. De lytse Kanadeeske goes fleane foar de oerwintering yn V-formaasje nei de Feriene Steaten en lokaal ek yn it westen fan Kanada en noardlik Meksiko.

Dwaalgasten binne ek oantroffen op it skiereilân Kamtsjatka yn Sibearje en it easten fan Sina. Japan hie earder in net-briedende winterpopulaasje, mar neffens de IUCN wie de soarte dêr útroege. Op 'e Koerilen is de soarte weryntrodusearre en oannommen wurdt dat de hjoeddeiske Japanske wintergasten fan dy populaasje binne.

De soarte is mei yn finzenskip fokte fûgels en wylde fûgels fan it eilân Buldir op 'e Aleoeten op 'e nij yntrodusearre. Op 'e eilannen dêr't de poalfoksen útroege binne, ûntstiene sa wer bloeiende populaasjes.

thumb|left|Oerwinterjende fûgel yn Ohio. De guozzen wurde winterdeis as trekfûgel ek yn West-Europa waarnommen. Fan 'e ûndersoarte B h hutchinsii is it bekend dat dy op eigen krêft as dwaalgast nei West-Europa trekt. De ûndersoarte B h minima komt as eksoat it hiele jier yn Nederlân foar. Gruttere konsintraasjes fan 'e soarte yn Nederlân binne te finen yn Noard-Hollân tusken Purmerein-Hoarn-Alkmar. It oantal pearkes wurdt rûst op 460 oant 770 (2013-2015), mar de oantallen wurde grutter. Winterdeis lizze de oantallen heger en binne se ek yn Fryslân te sjen.Vogelatlas van Nederland, SOVON, ISBN 978 90 2157 0051

Undersoarten De lytse Kanadeeske goes wurdt yn fiif ûndersoarten ferdield. Ien dêrfan, de B. h. asiatica, is útstoarn. De B. h. asiatica libbe op 'e noardlike Koerilen en ferdwûn om 1920 hinne (lêste waarnimming yn 1919 of 1929) troch jacht en nei't dêr earder de poalfoks yntrodusearre wie. De B. h. asiatica wie net goed te ûnderskieden fan 'e populaasje op 'e Aleoeten en der wurdt hjoed-de-dei oer debatearre oer de fraach of it wol in echte ûndersoarte wie.

† B. h. asiatica: Beringeilân, de noardlike Koerilen (Noardeast-Ruslân), útstoarn sûnt 1929 . B. h. leucopareia: Aleoeten. B. h. minima: West-Alaska. B. h. taverneri: Noardeast-Alaska, Noard-Kanada. B. h. hutchinsii: it noardlike diel fan Sintraal-Kanada en Grienlân.

Iten en nêst thumb|250px|Nêst. De fûgels ite benammen planten. Se litte de kop foaroer yn it wetter sakje om sa by de wetterplanten te kinnen. Kloften fûgels binne winterdeis ek op boulân te sjen, dêr se resten fan 'e rispinge ite. Njonken planten ite se ek ynsekten, weak- en skaaldieren.

It nêst leit yn 'e regel by wetter op in ferhege gebiet. De aaien lizze yn in ûndjippe kûle, dat mei plantemateriaal en dûns beklaaid is. De aaien en piken binne tige kwetsber foar predaasje fan rôfdieren en de guozzen binne yn 'e briedtiid tige agressyf. De folwoeksen fûgels liede de piken faak yn in rige, mei de iene âlder foaroan en de oare efter yn 'e rige.

Status De wrâldpopulaasje wurdt yn 2020 op 4,5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De IUCN klassifisearre de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.

Keppeling om utens Sovon Fûgelbeskerming Nederlân. Birdlife. Ebird.

Kategory:Goes (fûgel) Kategory:Seegoes Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Fryslân