De wytrêchein (Thalassornis leuconotus) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai wytrêcheinen (Thalassornis).
Beskriuwing left|thumb|Wytrêcheintsjes yn Tanzania. Wytrêcheintsjes binne lytse eintsjes fan 38 oant 40 sm lang mei in brún bûnt fearrekleed, in swarte snaffel mei giele spikkels en griengrize poaten. Se ha in wyt plak by de basis fan 'e snaffel. Mantsjes en wyfkes binne allyk. Se wurde likernôch 45 sm en wege 625 oant 800 gram. De fûgels binne anatomysk perfekt oanpast oan it dûken en se kinne oant likernôch in heale minút ûnder wetter bliuwe en oant 65 m ôflizze. By it swimmen leit de sturt plat op it wetter. De wite rêch is allinne yn 'e flecht te sjen.
Fersprieding Wytrêcheinen libje yn Afrika, fral tusken Senegal en Tsjaad yn it westen en Etioopje yn it easten en Súd-Afrika yn it suden. Harren biotoop bestiet út fivers, marren en sompen, dêr't se troch harren fearren net opfalle foar rôfdieren. It binne stânfûgels.
Undersoarten Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
Thalassornis leuconotus leuconotus Thalassornis leuconotus insularis: libbet op Madagaskar en wurdt bedrige troch de jacht, it ferlies fan biotoop en de yntroduksjes fan konkurearjende eksoaten.
Status Birdlife International rûst de totale populaasje tusken 13.000 en 30.000 fûgels, itjinge delkomt op likernôch 8.500 oant 20.000 folwoeksen fûgels. De West-Afrikaanske populaasje liket ôf te nimmen en telt minder as 1.000 fûgels. Lokaal ferdwynt de wytrêchein ek op plakken yn Madagaskar, lykas de Alaotramar. Mooglik nimme de oantallen fierder ôf troch klimaatferoaring wêrtroch it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte oer likernôch 50 jier mei 30% ôfnimt. De soarte hat boppedat te lijen fan 'e jacht. Dochs stiet de wytrêchein as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN. Op 'e ein is de Oerienkomst ta Behâld fan trekkende Afrikaansk-Euraziatyske wetterfûgels (AEWA) fan tapassing.
Keppeling om utens Birdlife, oproppen 1 febrewaris 2025. IUCN, oproppen 1 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 1 ferbewaris 2025. Avibase, oproppen 1 febrewaris 2025.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Einfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda